12 March 2022
08:00 am-17:00 pm
<span class="tribe-address"> </span>
Himmelaksje 12 maart útsteld
It plan wie om 12 maart in Himmelaksje fan de reidfjilden fan de Iselmar bij it Murnser Klif te hâlden. Dat bringt mear tûkelteammen mei as wij tochten. Sadwaande ha wij besletten dat 12 maart net trochgiet. Wat de reidfjilden oanbelanget brûke wij dit jier foar in oriëntaasje: Hoe is de sitewaasje, wêr kinne je rinne, wêr net. Leit der in soad rommel, is dat maklik te pakken of moat it útgroeven. It Fryske Gea docht dy ynventarisaasje bij it Murnser Klif
De tûkelteammen spylje allinnich bij de Reidfjilden. Yn de rin fan it jier komme der genôch mooglikheden om te rommelsyken lâns berm en bosk en mar. At je kinne, doch dan mei, elk stik plestik dat je pakke is meinommen!
Ut namme fan it Comité Geen Zandindustrie IJsselmeer en alle oare meiwurkjende organisaasjes, Baukje Miedema
0657621330