sânwinning: nei it Petear op 4 febrewaris

sânwinning: nei it Petear op 4 febrewaris

Moandei 4 febrewaris mei de Gaasterlân express nei De Jouwer!

Gean mei, lit de gemeenteried sjen en hearre datst tsjin de sânwinning bist. Graach opjaan foar kommende wike tiisdei de 28ste 18.00 oere.  Nim freonen en kunde en famylje mei!

https://www.geenzandindustrieijsselmeer.nl/actueel/petear/

De Gemeenteried behannelt de sânwinning 4 febrewaris yn in PETEAR. Dat is in ûnderdiel fan de nije fergaderstruktuer fan de gemeente. Elke belangstellende mei ynsprekke bij in PETEAR. Bij de sânwinning kin it net dat wij allegearre in ferhaal hâlde, omdat wij mei tefolle binne. Mei de Griffie is it folgjende ôfpraat:

De bewenners of oare belangstellenden sizze allegearre ien sin, wat har it measte dwars sit. Dat hoecht fansels net, mar it mei. Bijgelyks:

It lûd fyn ik it erchst, wij krije yn Murns in taname fan 15db oan lûd. Sadat wij dan altiten dy meganyske brom hearre sille, dat it der noait mear stilte wêze sil.

We steane yn de rij achter in microfoan en sizze om bar ús sin, of immen rint mei de microfoan bij ús del. Dêrnei skikke deskundigen oan tafel, dy’t koart de haadpunten beneame. En dan kin de Rie dêrnei fragen oan har stelle.

Jou jim graach op foar kommende wike tiisdei de 28ste 18.00 oere. Jou ek op oft je in sin sizze wolle en wat dy sin dan is. Yn de riedsseal binne wij stil, it is in stil protest. Nim freonen en kunde en famylje mei! 

https://www.geenzandindustrieijsselmeer.nl/actueel/petear/

Comité Geen Zandindustrie IJsselmeer

Baukje Miedema

0657621330