Toneelvoorstellingen Snypsnaren

 

Laden Evenementen
  • Dit evenement is voorbij.
Toneelvoorstellingen Snypsnaren
Details
#
Datum

21 March 2020

#
Tijd

19:30 pm-23:30 pm

#
Locatie

MFC it Klif

BELANGRIJK: DE TONEELVOORSTELLINGEN ZIJN UITGESTELD IVM DE COVID-19 (Corona virus) CRISIS!

De kat yn de kelder! In geweldige klucht, skreaun troch Pol Anrys en oersetten troch Gurbe Dijkstra.

Majoar Evarist Tanghe (Henk Landsheer) lit, alhiel tsjin it sin fan syn ‘soere’ suster Serafine (Jolly Stegenga), in kânsearme, sis mar gerêst asosjale, húshâlding De Kat tydlik yn de kelder fan syn hearehûs wenje. It gesin bestiet út Feliks (Age Witteveen), Sylvia (Sita Postma), Kim (Irma Bokma) en beppe (Tjalina Bokma). Ynearsten hat de famylje neat mei de kelder, mar dat slach al rillegau om at se derachter komme wêr’t se neist wenje…

Ek dit jier hawwe wy wer in debutant, nammentlik ús regisseur Marc van der Veen. Mei him hoopje wy op 21, 22 en 28 maart 2020 wer in moai, mar foaral ek humoristysk stik del te setten! Wy hawwe de earste slappelach-repetysjes yntusken al achter de rêch, dus wy hoopje dat jimme nei de foarstellings ek mei in laits It Klif út rinne sille.

Oant dan!

De Snypsnaren